Bleatfilm: 180 oeren wurkstraf

09 apr 2009 - 14:43

De rjochter hat in man fan It Amelân dy't in bleatfilmke fan tv-presintatrise Manon Thomas op ynternet set hat, feroardiele ta 180 oeren wurkstraf. Dêrneist moat er 5000 euro skeafergoeding en in boete fan 250 euro betelje.

De feroardielde is in eardere buorman fan Manon Thomas. Hy soe it filmke en in tal foto's krigen ha troch yn te brekken yn it kompjûternetwurk fan har. De rjochter fynt dat skea dien is oan Thomas har priveelibben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)