Iepening De Oerhaal by Warten

09 apr 2009 - 14:26

Takom wike sneon wurdt it ûnderkommen foar de skippers fan de sinnepont 'De Oerhaal' by Warten offisjeel iepene. Mei de komst fan it skippersgebou is it projekt fan de pont by Warten hielendal klear.

Yn de ôfrûne fjouwer jier dat it pontsje fear fan Warten nei Earnewâld en werom oer it Prinses Margrietkanaal hawwe al sa'n 35.000 minsken gebrûk makke fan dy oerstek. Yn it nije gebou hawwe de skippers gelegenheid om by min waar ûnder dak te sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)