Twivel FNV oer maatregels bank

09 apr 2009 - 14:07

Fakbûn FNV hat grutte twivels oer de effektiviteit fan de reorganisaasje by de Fryslân Bank. Eardere reorganisaasjes by de bank hawwe der net foar soarge dat de bank better prestearre. De wurknimmers wurde no de dupe, fynt bestjoerder Ossel fan FNV.

De Fryske meiwurkers fan de bank wurde tongersdeitejûn yn Ljouwert ynformearre oer de plannen. De fakbûnen sille mei de leden prate oer in sosjaal plan foar meiwurkers dy't dien krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)