Moarnsiten op skoalle

09 apr 2009 - 12:16

De PvdA en de ChristenUnie wolle dat bern har moarnsiten op skoalle krije. Ien op de seis bern krijt moarns thús gjin iten en dêrtroch kinne se har min konsintrearje en binne se gau wurch.

Neffens de riedsleden Jelmer Schaal en Arco van Daalen moatte âlders troch it goeie foarbyld fan de skoalle it belang fan moarnsiten ynsjen, sadat de bern thús ek wer goed te iten krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)