Boek Johan Veenstra yn Frysk

Johan Veenstra
Een brogge van glas fan Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra wurdt yn it Frysk oerset. De Fryske fersy sil yn septimber by Utjouwerij Bornmeer ferskine. Spesjaal foar dizze edysje hat Johan Veenstra in neiwurd skreaun, dêrt er yn fertelt hoe't it him nei it ferskinen fan it boek yn 2006 fergien is en wat foar reaksjes hy krige.
Yn de autobiografyske roman Een brogge van glas beskriuwt Johan Veenstra hoe't er nei de dea fan syn mem te witten komt wa't syn heit wie.