Lemster stekt man del yn Urk

De fiskôfslach yn Urk
In 31-jierrige Lemster is tongersdei oanholden op fertinking fan it delstekken fan in Poalske wurknimmer fan in fiskferwurkingsbedriuw yn Urk. De beide mannen wiene kollega's. It slachtoffer is yn kritike tastân opnaam yn it sikehûs.
De fertochte is nei syn died nei syn wenplak flechte. Dêr hat de man him melden by it plysjeburo. De dieder is yntusken oerbrocht nei it plysjeburo yn Emmeloard. It slachtoffer hat slimme ferwûnings oprûn oan it boarst.