21 boetes by ferkearskontrôle

09 apr 2009 - 10:55

De plysje hat by in ferkearskontrôle yn Snits 21 bekeurings útskreaun. It grutste diel fan de oertreders hie syn rym net om. Ek waard der net handsfree belle, rieden automobilisten te hurd en hiene brommerriders gjin helm op.

De kontrôles waarden woansdei hâlden op de stedsrûnwei-súd en de Worp Tjaardastrjitte yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)