Fryslân Bank slút 8 festigings

Acht kantoaren yn Fryslân ticht
De Friesland Bank slút acht fan syn 23 kantoaren yn Fryslân. It giet om de festigings yn Boalsert, Burgum, De Gordyk, Gytsjerk, Grou, Easterwâlde, Stiens en De Westereen. Ek wurde der 250 banen skrast.
De Friesland Bank nimt de maatregel omdat de bank ferline jier foar it earst yn syn bestean mei ferlies draaid hat. It giet dan om in bedrach fan 75 miljoen euro. Oarsaak dêrfan is de ekonomyske krisis.