Jouster jonkje falt út beam
In jonkje fan 8 út De Jouwer is woansdei opnommen yn it sikehûs, neidat er yn syn wenplak út in beam fallen wie.
De jonge wie yn 'e beam yn in plantsoen oan de Wetterkamp klommen. Doe't er wer nei ûnderen woe, knapte de tûke dêr't er op stie. Hy foel doe sa'n fiif meter nei ûnderen. It jonkje rekke ferwûne oan 'e rêch.