Himpkwekerij Nijetrine oprôle

09 apr 2009 - 09:52

De plysje hat woansdei yn Nijetrine in himpkwekerij oan de Pieter Stuyvesantwei ûntmantele. De kwekerij waard fûn nei in tip. Op de solder fûn de plysje in kwekerij ferdield oer twa romtes. Der stiene goed 1500 planten. De elektrisiteit waard yllegaal ôftape. Sawol de apparatuer as de planten binne yn beslach naam.

In 62-jierrige man en twa froulju fan 34 en 55 jier by oanholden. Allinnich de 34-jierrige frou sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)