Gemeente bemiddelt yn konflikt

© Omrop Fryslân
Dongeradiel besiket foar it lêst te bemiddeljen yn in konflikt tusken bewenners fan Achter de Hoven yn Holwert en it boubedriuw Van der Wielen út dat plak.
It boubedriuw krige yn 2006 tastimming om de loads op it terrein in kear sa grut te meitsjen. Bewenners fan Achter de Hoven tekenen beswier oan yn ferbân mei de ferkearsfeiligens. Op dit stuit rint der fan beide partijen noch in rjochtsaak.