Miljoeneferlies Friesland Bank

09 apr 2009 - 08:13

De Friesland Bank hat foarich jier in ferlies fan 75 miljoen euro oprûn. Dat docht bliken út de jiersifers. It is foar it earst yn it 95-jierrich bestean fan de Friesland Bank dat de bank te krijen hat mei in ferlies. Dit hat foaral te krijen mei de kredytkrisis en dêrmei de grutte daling fan de koersen fan oandielen fan in grut tal Nederlânske finansjele ynstellings.

Yn 2007 helle de Friesland Bank noch in winst fan 121 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)