Plysjefuotbalteam nei EK

09 apr 2009 - 00:03

It nasjonale fuotbalalvetal fan de plysje hat him woansdeitejûn pleatst foar it Europeeske Kampioenskip yn Grikelân. It team wûn op De Harkema mei 1-0 fan it nasjonale team fan Switserlân. Pas yn de twadde helte fan de ferlinging waard der skoard.

De plysjemannen stiene ûnder oanfiering fan in Fries, Jaap Visser fan De Westereen. Yn 2010 stride de spilers fan it nasjonale plysjealvetal yn Grikelân om de Europeeske titel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)