Subsydzje sinnepanielen los

08 apr 2009 - 18:43

Bedriuwen en partikulieren kinne fan tongersdei ôf de subsydzje oanfreegje foar sinnepanielen en elektrysk farren. De provinsje Fryslân hat 1,2 miljoen euro beskikber foar it pleatsen fan sinnepanielen op huzen, skoallen en bedriuwen.

Foar it elektrysk farren leit 300.000 euro klear. De provinsje jout de subsydzjes om de Fryske ekonomy op gong te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)