Gertjan Verbeek traint bern

Gertjan Verbeek op it trainingsfjild fan ONB yn Drachten
It wie woansdei in spesjale middei foar de bern fan 'e bûtenskoalse opfang yn Drachten. Se krigen in echte fuotbaltraining fan Gertjan Verbeek. Verbeek sit sûnder klup sûnt er dien krige by Feijenoord. Hy hat no tiid foar hiel oare saken. Wol leuk, seit er, mar it moat net te lang duorje.
De bern ha in prachtige middei, ek al wurket it waar net echt mei. Se fine Verbeek ek in hiel goeie trainer. Foar Verbeek is it no wachtsjen op in oare klup, mar dat rint noch gjin stoarm