Lêzing Yta Strikwerda op de VU

08 apr 2009 - 16:37

Hoe dogge je mei oan de maatskippij as je in ferstanlike beheining ha? En hoe geane oare minsken mei jo om? Samar in pear fragen dêr't minsken mei in handikap mei te krijen hawwe. En dêrom jouwe se sels foarljochting oer harren handikap en hoe dêrmei om te gean. Yta Strikwerda fan Wolvegea, bekend fan it tv-momint fan it jier, joech tiisdei in lêzing op de Vrije Universiteit.

Strikwerda die dat as meiwurker fan belange-organisaasje LFB fan minsken mei in beheining.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)