Freedsmerk bliuwt op Nijstêd

Fan de rjochter mei de freedsmerk op 'e Nijstêd bliuwe
De freedsmerk mei op de Nijstêd en de Wurdumerdyk yn Ljouwert hâlden wurde. Dat is net ûnfeilich en der binne net genôch oanwizings dat de winkels der skea fan ha. Dat is de útspraak fan de rjochter yn in saak dy't troch de winkellju op de Nijstêd oanspand wie.
De winkellju fine dat de merk better op it Aldehoustertsjerkhof hâlden wurde kin, mar de rjochter seit dat dêr al tefolle oare eveneminten binne. De ferpleatsing fan de merk is nedich fanwege it bouwurk op it Saailân.