Bern dumpe reklamefolders

© Omrop Fryslân
Twa bern fan 12 en 15 út Berltsum hawwe bekend dat se in grutte partij reklamefolders dumpt ha yn de natuer. De plysje wie tipt dat der in flinke lading reklamebledsjes yn de boskjes by de fuotbalfjilden yn Berltsum leine. Mei help fan it ferspriedingsburo fan de folders koe de plysje beide fertochten opspoare.
De bern ha bekend dat dit net de earste kear wie. Se hiene al njoggen kear earder struibrieven fuortsmiten, dy't se besoargje moatten hiene.