N381 lâns Kompanjonsfeart

08 apr 2009 - 10:55

De nije N381 komt by Donkerbroek lâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart te lizzen. Dat hat in mearderheid fan de gemeenteried fan Eaststellingwerf tiisdeitejûn bepaald. De rie keas de rûte lâns de feart boppe in fariant troch it bûtengebiet oan de westkant fan it doarp. De ried wol nammentlik net dat de dyk troch in gebiet mei in soad boerebedriuwen oanlein wurdt.

Yn de nije dyk moat wol in akwadukt komme by Donkerbroek. Der wie in soad folk by de riedsgearkomste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)