Pompeblêdmoade yn Slowakije

Pompeblêd-kreaasjes yn Slowakije. YEN-foarsitter Knol stiet rjochts
Jongereinferiening FYK hat Fryslân op it jubileum-kongres fan 'e Youth of European Nationalities (YEN) yn Slowarijke presintearre mei in moadeshow fan pompeblêd-moade. By dy moadeshow lieten de Fryske jongeren kreaasjes fan Moniek Miedema sjen.
By de 25-jierrige YEN binne sa'n 34 jongereinorganisaasjes fan minderheden út hiel Europa oansletten. Friezinne Hester Knol is op it stuit foarsitter fan 'e YEN. Fan't hjerst hâldt de YEN in jongereinútwikseling yn Grou.