Gjin referindum yn Nijefurd

08 apr 2009 - 07:32

Der wurdt yn Nijefurd gjin referindum hâlden oer in gemeentlike weryndieling. In mearderheid fan de ried stimde tiisdei yn in ekstra riedsgearkomste tsjin it foarstel. Dy ekstra gearkomste waard hâlden op inisjatyf fan de opposysjepartijen.

Neffens de opposysjepartijen moat, wetlik sjoen, neist de rie ek de befolking him yn mearderheid útsprekke foar weryndieling. Dêrom fregen se om it referindum. De kolleezjepartijen sjogge dy needsaak net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)