Nije foarsitter St.U.F.T.

08 apr 2009 - 06:56

De Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel (St.U.F.T.) hat in nije foarsitter. It giet om Piter Renia út Reduzum, dy't dêr earder direkteur fan de basisskoalle wie.

Renia folget Sjouke Wouda op, dy't jierrenlang foarsitter fan de Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel wie. Dy stichting hat as doel om alle jierren 22 Frysktalige toanielstikken út te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)