Buert bang om fjoerwurkopslach

07 apr 2009 - 21:49

Opslach fan 527 ton fjoerwurk kin net op in bedriuweterrein dêr't ek wenne wurdt. Mei dat argumint besykje bewenners fan it Lemster yndustryterrein de Raad van State derfan te oertsjûgjen dat der in streek moat troch de fergunning fan fjoerwurkgruthannel Mega.

De wenning it tichst by de opslach, leit mar 20 meter fierderop. Neffens de gruthannel soe wennerij hielendal net moatte op in bedriuweterrein foar swiere yndustry.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)