Ekstra stipe nêstbeskerming

07 apr 2009 - 21:44

De kommende moanne jout de provinsje 60.000 euro ekstra stipe oan boeren dy't nêsten en jonge greidefûgels beskermje. Sechtich euro it nêst kinne molkfeehâlders barre. Foar nêsten op maislân krijt in boer 40 euro.

Mei dizze 'fleanende euro's', sa't de provinsje se neamt, moat foaral de skries beskerme wurde. Dêrom komme boeren pas yn de beneaming foar stipe as der mear as fiif skriezenêsten yn it lân lizze. Oant en mei 10 maaie kinne oanfragen yntsjinne wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)