Gau sosjaal plan bankpersoniel

07 apr 2009 - 17:30

Foar maaie moat der in sosjaal plan lizze foar de reorganisaasje fan de Friesland Bank. De fakbûnen FNV, CNV en de Unie ha dêrom in ekstra ledegearkomste útskreaun foar Friesland Bank-personiel.

Nije wike tongersdei lizze de fakbûnen de earste útstellen fan de ried fan bestjoer oan de leden foar. Ynset is it skrassen fan 250 banen. Nei de ledegearkomste sette de ûnderhannelings tusken bûnen en ried fan bestjoer útein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)