Help foar slachtoffers brân

De flammen sloegen heech boppe de pleats út (foto Nick den Boer)
Sint Jabik stiet klear foar de famylje Hilarides. By in fûle brân yn harren pleats rekke de famylje alles kwyt. De skuorre mei dêryn tsien karavans baarnde folslein ôf. De kâns is grut dat it wenhûs wol stean bliuwe kin. Fanút it doarp is der sliepplak oanbean en ek boeren nimme it wurk fan Hans Hilarides oer.
It ûndersyk nei de oarsaak fan de brân rint noch. Yn earste ynstânsje wurdt tocht oan koartsluting. De fersekering nimt de skea op.