Stien fan brêge op auto smiten

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is sneon fan in fytsbrêge ôf in stien op in auto smiten. De sjauffeur kaam mei de skrik frij. It foarfal die him foar op de Suderhegewei yn Drachten.
De plysje seit dat er op it stuit dat de stien smiten waard, tusken de 10 en 15 minsken op de fytsbrêge wêze moatten ha. Minsken dy't wat sjoen ha, wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.