Mear Friezen dogge SOA-test

Der komme hieltyd mear Friezen by de GGD foar in anonime SOA-test. SOA stiet foar seksueel oerdraachbere syktes. Ferline jier kamen der hast 20 persint mear besikers nei in spesjaal sprekoere. Sûnt 1 jannewaris ferline jier kinne jongeren nei dit sprekoere ta foar fragen oer en problemen mei seksuele sûnens.
Chlamydia is noch altyd de meast foarkommende soa, foaral by jongeren ûnder de 25 jier. It oantal Friezen mei in hiv-ynfeksje sakket wol.