Pleats ôfbaarnd yn Sint Jabik

07 apr 2009 - 06:10

De grutte brân yn in pleats oan de Middelweg-west by Sint Jabik is mooglik ûntstien troch koartsluting. De eigner ûntduts it fjoer sels, tusken it wenhûs en de skuorre. Hy en syn frou koene op tiid út de pleats komme.

De brânwachtkorpsen fan Sint Anne, Menaam, Stiens en Harns rukten om 4.15 oere út om it fjoer te bestriden, mar de skuorre en it wenhûs binne hielendal ferlern gongen. Yn de pleats stiene ûngefear 10 karavans.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)