Nij Beets wol mear toeristen

© Omrop Fryslân
It oantal toeristen yn Nij_Beets moat de kommende seis jier ferdûbelje. Dêrfoar moat museum it Damshûs flink útwreide wurde, mar ek de oanklaaiïng fan de strjitten en krúspunten moat moaier. Dat stiet yn de nije doarpsfisy dy´t presinteard waard by de gemeente Opsterlân.
By it museum moat in nij eveneminteterrein komme, dat ek as parkearterrein en iisbaan brûkt wurde kin. It Damshûs lûkt no alle jierren sawat tsientûzen besikers.