Jong Hearrenfean wint fan AZ

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn belangrike punten pakt yn de degradaasjestriid. Yn Alkmaar waard de nûmer trije, jong AZ, mei 2-0 ferslein. Gerald Sibon sette yn de earste helte út in prachtige frije traap de Feansters op foarsprong. Mei in bêst spyljende Hans Vonk op 'e goal ferdûbele Donovan Deekman nei it skoft de skoare.
Jong Hearrenfean hat no 30 punten út 23 wedstriden, Sparta hat 29, Grins 26 (út 22), Utrecht 24 en RKC 10 punten.