Ynset fleanende brigades

© Omrop Fryslân
It Mobiliteitssintrum Fryslân begjint mei saneamde 'fleanende brigades' om ûntslaggen by bedriuwen foar te kommen. It Mobiliteitssintrum is begjin maart oprjochte foar bedriuwen dy't te min wurk hawwe of meidogge oan de regeling foar Wurktiidferkoarting.
It sintrum helpt wurknimmers oan oar wurk of soarget foar in oplieding. De fleanende brigades binne in inisjatyf fan it UWV, VNO-NCW Noord, it fakbûn CNV en de útstjoerburo's Randstad en AB Fryslân.