Snitsers foar weryndieling

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits is fernuvere oer de útkomsten fan in ûndersyk nei de weryndieling fan de SWH-gemeenten. De groep Fan ûnderen op hat in enkête dwaan litten troch ûndersyksburo vraaghetdevries fan de NHL. Dêrút docht bliken dat it 50% fan de Snitsers net folle skele kin oft der fuseard wurdt en 40% is der op tsjin.
De gemeente die earder ek ûndersyk en hie hiel oare útkomsten. 67% fan de doarpsbewenners soe foar de fúzje wêze en 77% fan de ynwenners fan de stêd.