Jelte Posthumus leukste dosint

Jelte Posthumus op Liet
Jelte_Posthumus is keazen ta leukste dosint fan Nederlân. Posthumus is learaar skiednis op it Liudger yn Drachten. Ferline jier wûn er mei syn band Pilatus Pas ek al it sjongfestival Liet.
De skoalle wie foar de ferkiezing fan radiostjoerder 538 ek nominearre as leukste skoalle fan Nederlân, mar is dat net wurden. Mar op harren dosint Jelte Posthumus binne de learlingen hiel grutsk.