Tiisdei dúdlikheid Woudsend

06 apr 2009 - 11:50

It persoaniel fan Woudsend Verzekeringen heart tiisdei wat de gefolgen binne fan de besungings dy't ASR Verzekeringen trochfiere wol. Woudsend Verzekeringen yn Wâldsein is ien fan de acht fêstigings fan ASR.

Dat bedriuw makke ferline wike bekend oant takom simmer syn kosten mei 100 miljoen werombringe te wollen. Twongen ûntslaggen wurde dêrby net útsluten. ASR sels hat noch neat nei bûten brocht oer hoe't der besunige wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)