Wartenster (33) ferûngelokke

06 apr 2009 - 10:37

By Burgum is sneintejûn let in 33-jierrige man út Warten ferûngelokke. Yn in bocht op de Noardermar rekke de man yn de linkerberm en ferlear hy de kontrôle oer it stjoer. Hy botste tsjin in beam en is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

Der is in ûndersyk ynsteld nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)