'Cramer woe fúzje bank'

06 apr 2009 - 10:18

Mieningsferskil oer in fúzje soe de reden wêze dat Topman Willem Cramer fan de Fryslân Bank koartlyn opstapte. Dat meldt Het Financieele Dagblad moandei. Cramer soe, mei fanwege de ekonomyske krisis, derfan oertsjûge rekke wêze dat de Frysland Bank net selsstannich fierder kin. Hy soe de Rabobank en de DSB as mooglike partners op it each hân hawwe.

De oare bestjoerders fan de Fryslân Bank, de Rie fan Kommissarissen en de oandielhâlders fiele neat foar in fúzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)