Ljouwert hâldt 8 miljoen oer

Wethâlder Krol wol sunichoan dwaan
Ljouwert hat ferline jier acht miljoen euro oerhâlden. It positive saldo komt benammen troch in hegere útkearing út it lanlike gemeentefûns. Dêrneist hawwe mear minsken yn 2008 wurk fûn. Dêrom bleau mear útkearingsjild oer.
Foar in part sil de gemeente it jild dat oerhâlden is, ynvestearje yn de oanpak fan bernemishanneling en it stypjen fan de minima. De kredytkrisis mei net langer as twa jier duorje, oars fewachtet Ljouwert yn de finansjele problemen te reitsjen.