Ljouwerter taskedief oanholden

06 apr 2009 - 09:41

In man út De Lemmer hat sneintejûn op de Voorstreek yn Ljouwert in fertochte oanhâlden dy't de tas fan syn frou besocht te stellen. De man rûn mei syn frou troch de binnenstêd, doe't har taske troch in frou fan it skouder skuord waard. De Lemster frou liet har tas lykwols net gean. De fertochte liet doe de tas los en naaide út.

De Lemster koe har beetpakke en hat de frou fêstholden oant de plysje der wie. De 42-jierrige fertochte út Ljouwert is oerdroegen oan de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)