Motorrider om it libben kaam

06 apr 2009 - 09:09

In 37-jierrige motorrider út Kollum is sneintemiddei om it libben kaam yn Drinte. De man is op Verlengde Asserstraat by Gieten ferûngelokke. Troch noch ûnbekende oarsaak gie de man op in rjocht stik dyk ûnderút. Dêrby fleach er by in tal beammen op.

De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)