Peiling:60% tsjin weryndieling

Mearderheid SWH tsjin weryndieling
Sechtich persint fan de ynwenners fan Nijefurd is tsjin weryndieling. Dat docht bliken út ûndersyk dat de groep 'Fan ûnderen op' dwaan litten hat troch buro 'Vraag het de Vries' fan de NHL.
Ek yn Wûnseradiel is hast 60 persint tsjin weryndieling. De grutste animo foar weryndieling komt út Wymbrits, dêr is 42 persint foar, mar in mearderheid, 46 persint, is tsjin. Yn Snits is noch gjin 10 persint foarstanner, de helte hat gjin miening.