Lânboumuseum hit museumwykein

3400 besikers foar it nije Lânboumuseum
It krekt iepene Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld is de grutte lûker wurden fan it museumwykein. Goed 3400 besikers kamen nei it museum. Troch it sinneskynwaar lutsen guon musea mar de helte fan it tal besikers fan oare jierren.
Goed 15-tûzen minsken giene nei in museum ta. Dat binne der minder as ferline jier. Benammen yn de musea yn Snits en Ljouwert wie it minder drok. Museum Belvedere op It Hearrenfean luts wer mear besikers.