Gjin nij PR Martin Ketellapper

Martin Ketellapper (argyffoto)
Martin Ketellapper is der snein net yn slagge om syn persoanlik rekord fan 2.28,42 te ferbetterjen by de maraton fan Rotterdam. De Ljouwerter rûn in teloarstellende 2.35,50. Benammen yn de lêste tsien kilometer kaam Ketellapper yn de problemen. It waar wie perfekt, mar it liif woe net mear.
Ylona Kruis fan Ysbrechtum kaam oer de streek krekt ûnder de 3.20. Dat is rom ûnder har persoanlik rekord fan 3.23,32 dy't se by de Slachte rûn.