Doar yntrape yn Jistrum
Twa manlju fan 38 en 40 jier út Jistrum binne yn de nacht fan sneon op snein oanholden foar fernielerij. Beide manlju waarden op 'e die trapearre, doe't se de foardoar fan in wenhûs oan de Skoallestrjitte yntrapen.
De beide manlju hiene earder op de dei spul hân mei de bewenner en kamen no ferhaal heljen.