PvdA wol mear muzyk op 5 maaie

05 apr 2009 - 14:00

De PvdA yn Ljouwert fynt it nuver dat de gemeente op 5 maaie gjin lûdsfergunnings ôfjout oan ûndernimmers yn it sintrum. Dat betsjut dat der by it Befrijingsfestival allinnich op de offisjele poadia, by de Aldehou en it Mata Hariplein muzyk is.

Mei it each op de iepenbiere feiligens mei yn de rest fan de binnenstêd gjin lûd produsearre wurde. De partij wol wite oft it net feiliger is om it publyk oer de stêd te fersprieden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)