Ynbraak garaazjeboks Wolvegea

05 apr 2009 - 13:47

Ynbrekkers ha yn de nacht fan sneon op snein in ravaazje oanrjochte yn in garaazjeboks oan de Emmastrjitte yn Wolvegea. By in dêr stalde auto waarden de ruten ynsmiten, de doaren ûntset en it instrumintepaniel fernield.

Der moat noch oanjefte dien wurde. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de tadracht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)