Auto yn sleat Gerkeskleaster

05 apr 2009 - 13:44

In 19-jierrige ynwenster fan Gerkeskleaster is sneontemiddei ferwûne rekke nei't se mei har auto yn de sleat bedarre. De frou rekke op de Izermieden by har wenplak troch modder op de dyk de macht oer it stjoer kwyt.

Se rekke yn in slip en ferlear de macht oer it stjoer. In 18-jierrige plakgenoate dy't by har yn de auto siet rekke ek ferwûne. Beide binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)