Iensidich ûngelok by Wâldsein

05 apr 2009 - 13:40

By in iensidich auto-ûngemak op de Vosseleane by Wâldsein is in 64-jierrige ynwenner fan Harich ferwûne rekke. De man foel yn sliep efter it stjoer.

Syn auto bedarre yn de berm, wêrnei't dy twa kear oer de kop sloech. De bestjoerder rekke dêrby in lantearnepeal. De ynwenner fan Harich is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)