Hearrenfean wint net yn Almelo

Kristian Bak Nielsen
It slagge SC Hearrenfean sneontejûn wer net om de wedstriid tsjin Heracles yn Almelo te winnen. Nei 90 minuten stie der in suterige 1-1 einstân op it skoareboerd. Kristian Bak Nielsen sette de Feansters yn de 16e minút op foarsprong. Hy rekke in frije traap fan Pranjic lichtjes mei de holle oan.
Doe't de ploech fan trainer Trond Sollied 'fergeat' de 2-0 te meitsjen, krige syn ploech tsien minuten foar de ein it lid op 'e noas. Mark-Jan Fledderus skeat in frije traap binnen.