ONS ferliest fan Nunspeet

© Omrop Fryslân
ONS Snits sit yn de hoeke dêr't de klappen falle. Op it eigen fjild waard mei 5-3 ferlern fan Nunspeet. Troch doelpunten fan Ton Haarman en twa kear Chalong de Bruin kamen de Snitsers yn de earste helte op in 3-1 foarsprong.
Yn de twadde helte gong it folslein mis. Nunspeet kaam werom yn de wedstriid en skoarde yn de twadde helte fjouwer doelpunten. ONS bliuwt troch it ferlies yn de degradaasjesône mei 23 punten út 21 wedstriden.